Us projekten
projekt nû. ien
Human-Centric AI en de “Taal fan it hert”
Undersyk nei Frysk-Nederlânske twataligens fia neurokognysje en sosjale robotika
projekt nû. twa
Fryske tekst-nei-spraak nei in heger nivo tille
Campus Fryslân en de Fryske Akademy wurkje gear oan de ûntwikkeling fan in Fryske kompjûterstim, wêrmei’t brûkers mei ien mûsklik de útspraak fan Fryske wurden kontrolearje kinne.
projekt nû. trije
Frysk-Nederlânske oersetting fia Oersetter API
De Oersetter is it Frysk-Nederlânske masineoersetsysteem fan de Fryske Akademy, dat op Frysker.nl al hûnderten oersettingen deis fersoarget. Fia de API kinst no deselde technology yn dyn eigen produkt yntegrearje!
projekt nû. Fjouwer
Frysk wurdboek foar de sûnenssoarch
Hoe’t in groeiende wurdskat op it mêd fan de sûnenssoarch pasjinten en soarchferlieners helpt om yn harren eigen taal te kommunisearjen.
projekt nû. Fiif
UDPipe Frysk
UDPipe Frysk is in webapplikaasje foar lemmatisearring, it takennen fan wurdsoarten (PoS) en it ûntleedzjen fan Fryske teksten.
projekt nû. Seis
Hyphenation Frysk
Hyphenation Frysk is in webapp dy’t koppeltekenplakken taheakket oan wurden mei meardere lettergrepen yn Fryske teksten.
projekt nû. Sân
It mjitten fan fariaasje yn útspraak
In fiifstappeproses wêrmei’t metten wurdt hoe’t klinkers en bylûden ferskille tusken Fryske en Nederlânske sprekkers.
projekt nû. acht
G2P Frysk / G2P Nederlands
G2P Frysk en G2P Nederlands binne webapps wêrmei’tst Fryske en Nederlânske tekst omsette kinst nei fonetyske IPA-transkripsjes.
projekt nû. Njoggen
Pronunciation trainer
De Pronunciation Training App is in iepen-source, webbasearre applikaasje dy’t ûntwurpen is om learlingen te helpen om harren útspraak yn minder gongbere talen te ferbetterjen.
projekt nû. Tsien
Visible Sounds: Visible Vowels & Visible Consonants
Webapplikaasjes foar it analysearjen en fisualisearjen fan akoestyske mjittingen fan klinkers en bylûden.
projekt nû. alve
LED-A: berekkenjen fan taalkundige ôfstannen
LED-A is in webapp foar it berekkenjen fan taalkundige ôfstannen oan de hân fan de Levenshtein-ôfstân, op grûn fan fonetyske IPA-transkripsjes.

