Wy.
Fryske Akademy en Campus Fryslân (Ryksuniversiteit
Grins).
Do.
Undersiker, ûntwikkeler of gewoan ien mei ynteresse yn Fryske taaltechnology.
Ynnovaasje.
Taaltechnology om minderheidstalen op wei te helpen nei de takomst ta.
Boarnen.
Korpora, helpmiddels, wurdboeken en oare ûndersyksresultaten út Fryslân.
Wa’t wy binne
FLARESlab (Fryslân Language Technology Research Lab) is in mienskiplik inisjatyf fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), dat opset is fanút in mienskiplike fokus op taaltechnology foar it Frysk.
It lab fungearret as sintraal knooppunt foar de taaltechnologyske aktiviteiten fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân. FLARESlab fersterket de gearwurking tusken beide ynstellings en stipet mienskiplike ûndersykssinisjativen en nije mienskiplike projekten. Dêrneist is it stribjen om de sichtberens fan de Fryske taaltechnology yn it nasjonale en Europeeske ûndersykslânskip te fergrutsjen.
Fine watst nedich hast!
Alle taaltechnologyske boarnen fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân, op ien plak sammele. Kies sels dêr’tst begjinne wolst, ôfhinklik fan watst nedich hast.
Sjoch marris!
Fan in Frysk-pratende robot ta syntetyske stimmen: wat ús ûndersikers no oan it bouwen binne.
Lêste nijs
Wat bart der by FLARESlab: nij ûndersyk, projekt nijs en eveneminten.

Fryske Akademy en Campus Fryslân wurkje gear oan taaltechnology mei FLARESlab
AI en spraaktechnology fier fan myn bêd? Hielendal net! Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins) en de Fryske Akademy litte dy graach de nije ûntwikkelings sjen op it mêd fan Fryske taal- en spraaktechnology.
Fragen
FLARESlab is it mienskiplik laboratoarium fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), beide fêstige yn Ljouwert. De Fryske Akademy bringt tsientallen jierren wurk op it mêd fan it dokumintearjen fan it Frysk mei: korpora, wurdboeken en taalkundich ûndersyk. Campus Fryslân draacht by mei ûndersyk en ûnderwiis op it mêd fan taal- en taaltechnology, sa as bygelyks spraakwerkenning en -synteze foar talen mei beheinde boarnen. Mei-inoar makket dit it mooglik om wurkjende technology foar it Frysk te ûntwikkeljen. Wy hawwe dizze webside makke sadat minsken fine kinne en brûke wat beide ynstellings produsearre hawwe, en om de Fryske taaltechnology mear sichtberens te jaan yn it Nederlânske en Europeeske ûndersyk. Wy wolle ek dat FLARESlab in plak wurdt dêr’t ideeën foar oare minderheidstalen útprobearre wurde.
Dat inisjatyf is yn it foarste plak bedoeld om de boarnen op it mêd fan de Fryske taaltechnology te bondeljen en de tagong dêrta te ferbetterjen. Op dizze website fynst spraakkorpora, helpmiddels, wurdboeken en ûndersyksresultaten oer it Frysk, gearstald troch ûndersikers en technysk personiel fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân. Materiaal dat foarhinne ferspraat wie oer ferskate websiden is no op ien plak te finen, maklik en fergees te brûken, oft je no ûndersiker binne, ûntwikkelder of gewoan nijsgjirrich nei it Frysk.
Jawis. Ja, echt wier.
It grutste part is it resultaat fan tsientallen jierren dokumintaasjewurk. Sûnt de oprjochting yn 1938 hat de Fryske Akademy de Fryske taal en de feroarings dêryn fêstlein en beskreaun, earst op papier en letter digitaal, wêrtroch’t grutte tekstkorpora, wurdboeken en datasets opboud binne. Campus Fryslân heakket spraakgegevens en modellen ta út har ûndersyk nei Fryske spraaktechnology, wêrûnder de opnamen dy’t te’n grûnslach lizze oan de Fryske syntetyske stim. Troch de taaltechnologyske ekspertize fan de ûndersikers fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân byinoar te bringen, wurdt de provinsje Fryslân in foarbyld foar oare gebieten op ‘e wrâld dêr’t in minderheidstaal of in lytse taal praat wurdt.
Gean oan de slach mei Fryske taaltechnology
Kontakt
Hasto fragen of opmerkingen? Nim dan kontakt mei ús op! Us team, besteande út ûndersikers fan de Fryske Akademy en de Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), helpt dy graach!




