Frysk wurdboek foar ‘e sûnenssoarch

Frysk wurdboek foar de sûnenssoarch

Hoe’t in groeiende wurdskat op it mêd fan de sûnenssoarch pasjinten en soarchferlieners helpt om yn harren eigen taal te kommunisearjen.

Om temjitte te kommen oan it ferlet fan mear Frysk yn de sûnenssoarch yn Fryslân, is de Fryske Akademy koartlyn begûn mei it útwurkjen fan it Domein Gezondheidszorg yn it Online Nederlânsk-Frysk wurdboek (ONFW), dat yntegrearre is yn it Fryske taalhelpmiddel Frysker.nl.

Haadûndersiker: Janneke Spoelstra

Wêr’t wy begûn binne

In eardere Nederlânsk-Fryske wurdlist mei 3.000 wurden, de Wurdlist Sûnenssoarch, is ymportearre yn it wurdboekskriuwsysteem fan it ONFW. Dizze wurdlist waard yn 2005 gearstald troch Janneke Spoelstra as stúdzjeprojekt foar de oplieding Fryske Stúdzjes oan de hegeskoalle NHL yn Ljouwert.

Likernôch 2.000 fan dy wurden blieken al as lemma yn it ONFW te stean. By it ymportearjen fan de Wurdlist Sûnenssoarch krigen dizze lemma’s it label ‘sûnenssoarch’, lykas de ymportearre wurden dy’t noch gjin lemma yn it wurdboek wiene.

Utwreiding fan ‘e sûnenssoarchwurdskat

De kommende twa jier sille wy dit sûnenssoarchdomein útwreidzje mei oare lemma’s út it ONFW op it mêd fan de sûnenssoarch, mei wurden ôfkomstich fan bygelyks de websiden fan sikehuzen, húsdokters en soarchsintra.

De wurdboekfunksje op Frysker.nl, mar ek de masineoersetfunksje sille op it mêd fan de sûnenssoarch ferbettere wurde, wat sawol soarchferlieners as pasjinten te’n goede komme sil.

Takomstige tapassings fan it Domein Gezondheidszorg binne mooglik yn in sakewurdboek foar de sûnenssoarch, yn soarchapps en soarchrobots.

Wa is behelle

Janneke Spoelstra

Undersiker

Janneke Spoelstra is ûndersiker by de Fryske Akademy en hâldt har dwaande mei leksikografy en literatuer. Sûnt 2018 is se redakteur by it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en draacht se no by oan it ûnderhâld fan Frysker.nl.