G2P Frysk / G2P Nederlands

G2P Frysk / G2P Nederlands

G2P Frysk en G2P Nederlands binne webapps wêrmei’tst Fryske en Nederlânske tekst omsette kinst nei fonetyske IPA-transkripsjes.

De folgjende persoanen wiene belutsen by de ûntwikkeling fan G2P Frysk: Wilbert Heeringa, Eduard Drenth (webservice), Hans Van de Velde, Pieter Duijff, Jelske Dijkstra, Hindrik Sijens.

Data en modellen

As gegevensbronnen binne it Frysk Hânwurdboek (útjefte 2016) en de Foarkarswurdlist brûkt. Der binne twa modellen traind mei help fan Phonetisaurus: in grutter model dat fonetyske transkripsjes sûnder klamtekens generearret en in lytser model dat transkripsjes mei klamtekens en generearret.

It gruttere model is traind op in dataset dy’t it Frysk Hânwurdboek en de Foarkarswurdlist kombinearret, mei yn totaal 68.412 wurden. Om’t allinnich it Frysk Hânwurdboek klemtoanynformaasje yn syn ortografyske lemma’s jout, waard it lytsere model allinnich op dizze boarne traind, dy’t 62.244 wurden omfettet.

Om klam-ynformaasje yn de fonetyske transkripsjes op te nimmen, hawwe wy Phonetisaurus brûkt om de ortografyske foarmen ôf te stimmen op de byhearrende fonetyske transkripsjes, wêrtroch’t de klamtekens op de ortografyske foarmen nei de fonetyske werjeften oerbrocht wurde koene.

Wa is behelle

Wilbert Heeringa

Undersiker

Wilbert Heeringa is ûndersiker by de Fryske Akademy en hâldt him dwaande mei dialektometry, fonetyk en statistyk. Hy makket gebrûk fan dialektasjonele metoaden om dialektfariaasje en feroaringen yn wurdskat, morfology en útspraak te mjitten, en ûntwikkelet helpmiddels foar fonetysk ûndersyk, lykas Visible Sounds.

Eduard Drenth

Software-arsjitekt

Eduard Drenth is software-arsjitekt by de Fryske Akademy, dêr’t er meiferantwurdlik is foar it ICT-belied. Dêrneist is er as ûntwikkeler belutsen by de taaldatabases fan de Fryske Akademy (Frysker.nl) en it online Nederlânsk-Frysk wurdboek.

Hans Van de Velde

Undersiker

Hans Van de Velde is ûndersiker op it mêd fan sosjolinguistyk by de Fryske Akademy. Hy hâldt him dwaande mei taalfariaasje en taalferoaring, meartaligens en fonetyk, wêrûnder de útspraak fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân, de evaluaasje fan fariaasjes en de ûntwikkeling fan de eksperimintele sosjolinguistyk.

Hindrik Sijens

Undersiker

Hindrik Sijens is ûndersiker by de Fryske Akademy en spesjalisearre yn leksikografy, neologismen, databases en stavering yn it Frysk. Sûnt 1985 wurket er oan de Fryske wurdboeken, wêrûnder it Frysk Hânwurdboek, it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en Frysker.