Fryske tekst-nei-spraak nei in heger nivo tille
Campus Fryslân en de Fryske Akademy wurkje gear oan de ûntwikkeling fan in Fryske kompjûterstim, wêrmei’t brûkers mei ien mûsklik de útspraak fan Fryske wurden kontrolearje kinne.
Haadûndersikers: Eduard Drenth, Phat Do, Martijn Kingma
Bouwe oan in stim foar it Frysk
It Frysk is foaral in sprutsen taal, en dêrom is it al lang in winsk fan de Fryske taalmienskip om minsken te helpen mei de útspraak. Dit projekt bringt dy winsk tichterby tanksij in gearwurking tusken Campus Fryslân en de Fryske Akademy.
By Campus Fryslân wurket universitêr dosint Phat Do oan spraaktechnology dêr’t in Fryske kompjûterstim mei generearre wurdt. By de Fryske Akademy harkje memmetaalsprekkers fan it Frysk mei kennis fan fonology nei dizze stim en beoardielje se dy, sadat Phat Do de stim hieltyd fierder ferbetterje kin. As njonkeneffekt fan dit beoardielingswurk wurdt der in fonologyske basis foar it Frysk opboud.
Utspraak op Frysker.nl
De earste stap is al set. De languageapi fan ‘e Fryske Akademy is útwreide mei audio foar lemma’s en wurdfoarmen. Wannear’t der noch gjin audio beskikber is, ropt de languageapi in tsjinst oan dy’t Phat Do ûntwikkele hat om de Fryske stim hinne. Untwerpers fan BW H hawwe Frysker.nl oanpast, sadat brûkers no de audio ôfspylje kinne en hearre kinne hoe’t in wurd útsprutsen wurdt.
De gearwurking is weardefol foar beide partners, sawol wittenskiplik as foar it bredere publyk.
En hoe no fierder?
Ien fan de folgjende stappen is it taheakjen fan Fryske spraak foar sinnen en foar meardere sinnen. Dat bringt syn eigen wittenskiplike en technyske útdagingen mei him mei, en it is de folgjende faze om Fryske tekst-naar-spraak nei in heger nivo te tillen.
Wa is behelle

Eduard Drenth
Software-arsjitekt
Eduard Drenth is software-arsjitekt by de Fryske Akademy, dêr’t er meiferantwurdlik is foar it ICT-belied. Dêrneist is er as ûntwikkeler belutsen by de taaldatabases fan de Fryske Akademy (Frysker.nl) en it online Nederlânsk-Frysk wurdboek.

Phat Do
Universitêr dosint
Phat Do is universitêr dosint by Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Hy hâldt him dwaande mei spraaktechnology foar talen mei beheinde middels, wêrûnder de syntetyske Fryske stim dy’t brûkt wurdt yn FLARESlab-projekten.

Martijn Kingma
Undersiker
Martijn Kingma is postdoktoraal ûndersiker by de Fryske Akademy. Syn promoasje-ûndersyk rjochte him op fariaasje en feroaring yn it Fryske klinkertsysteem, wêrby’t er sosjolinguistyske en fonetyske metoaden kombinearret.

