Us team

Us team

Wittenskippers en technisy fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân bondelje harren krêften op it mêd fan taaltechnology foar it Frysk.

Nanna Haug Hilton

Undersiker

Nanna Hilton is senior ûndersiker en programmakoördinator Taalkunde by de Fryske Akademy. Har ûndersyk rjochtet him benammen op sosjolinguistyk, taalhâldings en fonetyk, boargerwittenskip en op taalplanning en -belied mei de klam op de Fryske taalmienskip.

Matt Coler

Universitêr haaddosint

Matt Coler is universitêr haaddosint oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins) en direkteur fan de masteroplieding Spraaktechnology. Hy hâldt him dwaande mei spraaktechnology en taalkunde, benammen op it mêd fan lytse en lânseigen talen.

Eduard Drenth

Software-arsjitekt

Eduard Drenth is software-arsjitekt by de Fryske Akademy, dêr’t er meiferantwurdlik is foar it ICT-belied. Dêrneist is er as ûntwikkeler belutsen by de taaldatabases fan de Fryske Akademy (Frysker.nl) en it online Nederlânsk-Frysk wurdboek.

Phat Do

Universitêr dosint

Phat Do is universitêr dosint by Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Hy hâldt him dwaande mei spraaktechnology foar talen mei beheinde middels, wêrûnder de syntetyske Fryske stim dy’t brûkt wurdt yn FLARESlab-projekten.

Martijn Kingma

Postdoktoraal ûndersiker

Martijn Kingma is postdoktoraal ûndersiker by de Fryske Akademy. Syn promoasje-ûndersyk rjochte him op fariaasje en feroaring yn it Fryske klinkertsysteem, wêrby’t er sosjolinguistyske en fonetyske metoaden kombinearret.

Liefke Reitsma

Undersiker

Liefke Reitsma is koördinator ûndersyks-finansiering en strategyske partnerskippen, en senior ûndersiker by de Fryske Akademy. Yn har promoasjeûndersyk hold hja har dwaande mei twataligens en troch taalkontakt feroarsake taalferoaring yn it Frysk. Sy beskikt oer jierrenlange ûnderfining op it mêd fan ûndersyksbelied, ûnder mear by it Nederlânske Ministearje fan Underwiis en by UNESCO.

Shekhar Nayak

Universitêr dosint

Shekhar Nayak is universitêr dosint spraaktechnology oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Syn ûndersyk rjochtet him op spraakwerkenning, spraaksynteze, affektive ynformatika en deep learning.

Dylan Rose

Postdoktoraal ûndersiker

Dylan Rose is promovendus oan de Fryske Akademy en Campus Fryslân, dêr’t er ûndersyk docht nei de kognitive en sosjolinguistyske meganismen dy’t de grûnslach binne fan it twatalich praten fan it Frysk en it Nederlânsk. Syn ûndersyk rjochtet him op de wize wêrop’t de identiteit fan de sprekker fan ynfloed is op taalwikseling, perseptuele autentisiteit en ynteraksjegedrach, mei direkte ymplikaasjes foar it ûntwerp fan ynklusive en foar minderheidstalen gefoelige AI-systemen.

Hans Van de Velde

Undersiker

Hans Van de Velde is ûndersiker op it mêd fan sosjolinguistyk by de Fryske Akademy. Hy hâldt him dwaande mei taalfariaasje en taalferoaring, meartaligens en fonetyk, wêrûnder de útspraak fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân, de evaluaasje fan fariaasjes en de ûntwikkeling fan de eksperimintele sosjolinguistyk.

Wilbert Heeringa

Undersiker

Wilbert Heeringa is ûndersiker by de Fryske Akademy en hâldt him dwaande mei dialektometry, fonetyk en statistyk. Hy makket gebrûk fan dialektasjonele metoaden om dialektfariaasje en feroaringen yn wurdskat, morfology en útspraak te mjitten, en ûntwikkelet helpmiddels foar fonetysk ûndersyk, lykas Visible Sounds.

Vass Verkhodanova

Universitêr dosint

Vass Verkhodanova is universitêr dosint oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Se hâldt har dwaande mei fonetyk en fonology, spraakprosody, en spraakpersepsje en spraakproduksje. Har promoasjeûndersyk rjochte him op it werkennen fan de spraak fan minsken mei de sykte fan Parkinson.

Hindrik Sijens

Undersiker

Hindrik Sijens is ûndersiker by de Fryske Akademy en spesjalisearre yn leksikografy, neologismen, databases en stavering yn it Frysk. Sûnt 1985 wurket er oan de Fryske wurdboeken, wêrûnder it Frysk Hânwurdboek, it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en Frysker.

Janneke Spoelstra

Undersiker

Janneke Spoelstra is ûndersiker by de Fryske Akademy en hâldt har dwaande mei leksikografy en literatuer. Sûnt 2018 is se redakteur by it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en draacht se no by oan it ûnderhâld fan Frysker.nl.

Johan van der Zwaag

Undersiker

Johan van der Zwaag is ûndersiker by de Fryske Akademy en spesjalisearre yn leksikografy, de Fryske stavering en taalfariaasje yn it Frysk. Hy ûnderhâldt en ûntwikkelet Frysker en leveret bydragen oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek (ONFW).

Igor Marchenko

Postdoktoraal ûndersiker

Igor Marchenko is promovendus oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Syn ûndersyk rjochtet him op fonetyske fariaasje yn it Frysk yn de hiele provinsje Fryslân. Hy makket dêrby gebrûk fan digitale helpmiddels om it ferskaat fan de Fryske dialekten yn kaart te bringen en te analysearjen, dy te behâlden en kennis oer de kompleksiteit fan it Frysk te fersprieden.

Joshua Schäuble

Universitair dosint

Joshua Schäuble is universitair docent Data Science by Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins).

Zhu Li

Postdoktoraal ûndersiker

Zhu Li is promovendus oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Zhu Li’s ûndersyk rjochtet him op ekspressive tekst-nei-spraak yn senario’s mei beheinde middels. Op dit stuit wurket Zhu Li ûnder mear oan sarkastyske spraaksynteze.

Yue/Annie Luo

Postdoktoraal ûndersiker

Yue Luo is promovendus oan Campus Fryslân (Ryksuniversiteit Grins). Se docht ûndersyk nei automatyske spraakwerkenning (ASR) foar atypyske spraak, lykas flústere en dysartryske spraakpatroanen, wêrby’t se gebrûk makket fan sinjaalferwurking en deep learning om de werkenningsprestaasjes te ferbetterjen, de robústens te fergrutsjen en de ûntwikkeling fan mear ynklusive spraaktechnologyen te stypjen.

Ynteresse om gear te wurkjen mei FLARESlab?