Wa’t wy binne
FLARESlab (Fryslân Language Technology Research Lab) is in mienskiplik inisjatyf fan de Fryske Akademy en Ryksuniversiteit Grins/Campus Fryslân, dat opset is yn in mienskiplike fokus op taaltechnology foar it Frysk.
In sintraal knooppunt foar taaltechnology
It lab fersterket de gearwurking tusken de twa ynstellings en stipet mienskiplike ûndersyksprojekten en nije gearwurkingsinisjativen.
It hat boppedat as doel de sichtberens fan de Fryske taaltechnology yn it nasjonale en Europeeske ûndersykslânskip grutter te meitsjen.
Us misje
FLARESlab is basearre op de mienskiplike oertsjûging dat sprekkers fan it Frysk en fan oare minderheidstalen net efter bliuwe meie no’t nije technologyen fraachstikken yn de soarcg, ûnderwiis en digitale tagong yngripend feroarje.
Yn dy sin is FLARESlab in mienskiplik inisjatyf om driuwende maatskiplike fraachstikken oan te pakken mei help fan taaltechnology.
Alle Fryske taalboarnen op ien plak
Om dizze misje yn de praktyk te bringen, bringt it platfoarm de spraakkorpora, helpmiddels, wurdboeken en ûndersyks-resultaten dy’t al by Fryske Akademy en Campus Fryslân ûntwikkele binne byinoar en makket dy op ien plak tagonklik foar sawol in akademysk as in breed publyk.
Wa docht mei
Wittenskippers en technisy fan de Fryske Akademy en Campus Fryslân bondelje harren krêften op it mêd fan taaltechnology foar it Frysk.

Nanna Haug Hilton
Senior researcher
Nanna Hilton is a senior researcher and programme coordinator for Linguistics at the Fryske Akademy. Her research covers sociolinguistics, language attitudes and phonetics, citizen science, language planning and policies with a focus on the Frisian speech community.

Matt Coler
Associate Professor
Matt Coler is an associate professor at Campus Fryslân (University of Groningen) and director of the MSc in Speech Technology. He works on speech technology and linguistics, especially for small and indigenous languages.

Eduard Drenth
Software architect
Eduard Drenth is a software architect at the Fryske Akademy, where he is co-responsible for ICT policy . He is also involved in the Fryske Akademy’s language databases (Frysker) and the online Dutch-Frisian dictionary as a developer.

